Foto genomen door Bob de Boer

Douwe Kootstra

Douwe Kootstra fertelt âlde en nije, binnen- en bûtenlânse folksferhalen. Ferhalen om te laitsjen, mar faak ek om oer nei te tinken (en te praten). Guon teksten skriuwt er sels, oare nimt er mei fan syn reizen. Kootstra stiet as ferteller al sa’n fjirtich jier op ’e planken en wie bygelyks te hearren op festivals as Oeral en Welcome to the Village. Ek treedt er geregeld op mei koaren, korpsen en solomuzikanten.
Behalve ferteller is Kootstra ek skriuwer en kollumnist. Sa makke er û.o kollums foar Omrop Fryslân en it magazine fan it Fryske Gea. Nei in hiele seary boeken mei reisferhalen publisearret er no mei de keunstner Tjibbe Hooghiemstra boeken oer bisten. Nei it ferskinen fan Stabij en Fisk wurkje se op ’t heden oan Swan.

Information icon

We hebben je toestemming nodig om de vertalingen te laden

Om de inhoud van de website te vertalen gebruiken we een externe dienstverlener, die mogelijk gegevens over je activiteiten verzamelt. Lees het privacybeleid van de dienst en accepteer dit, om de vertalingen te bekijken.