Bart van der Wal en Hetty Zonderland (links) en Sytse Bouwhuis (rechts)
Sytse Bouwhuis, Bart van der Wal & Hetty Zonderland
Sytse Bouwhuis nimt jim mei nei de tiid dat oerpake Age Bouwhuis boer wie neist de klokkestoel fan Rûchehúzen. It binne folksferhalen, faak mei in Gaasterlânske oarsprong en in dúdlike boadskip, dy’t troch pake Tjitte en generaazjes derfoar altyd trochferteld binne. Se binne letter troch syn heit Jan Bouwhuis, fêstlein yn’e bondel “It kin wier wêze”. Fan Sytse krije jim in priuwke út dizze bondel.
Bart van der Wal en Hetty Zonderland sjonge en spylje beide yn’e Fryske folkband Reizger. Harren musyk is foaral in miks fan hjoeddeiske folk, mei ynfloeden fan bluegrass, Keltyske, Ingelse en Fryske lieten. Bart en Hetty sille in tal lieten hearre litte dy’t perfect oanslúte op’e sfear fan’e Gaasterlânske folksferhalen.

